De âlde Friezen

Oet Wikipedie, de vraaie enzyklopedie
Gao naor: navigasie, zeuk

De âlde Friezen (De oale Fraizen) is t volkslaid van de provìnzie Fraislaand. t Is in de twaide helft van de 19. aiw ontstoan en benoadrukt de trots van de Fraizen.

Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede,
En bûnzje troch ús ieren om!
Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d'ierde,
It Fryske lân fol eare en rom.

Refrein:
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,
Oerâlde, leave Fryske grûn,
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,
Dy't Friezen oan har lân ferbûn.

Refrein
Fan bûgjen frjemd, bleau by 't âld folk yn eare,
Syn namme en taal, syn frije sin;
Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare,
En twang, fan wa ek, stie it tsjin.

Refrein
Trochloftich folk fan dizze âlde namme,
Wês jimmer op dy âlders grut!
Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme
In grien, in krêftich bloeiend leat!
Refrein